Museum bliuwt yn Achtkarspelen

31 okt 2006 - 14:37

Museumpleats Ot en Sien bliuwt dochs yn Achtkarspelen. It museum yn Boelensleane bestiet sûnt healwei ferline jier. De eigners woene mear romte foar de kolleksje en nei Drinte ferhúzje. Der moat ek in âlderwetske bakkerij en in kapeltsje komme.

Mooglik wurdt der útwreide op it plak dêr't it museum no sit. In oare opsje is in ferhuzing nei in grutter ûnderkommen yn Surhústerfean. Dizze wike moat der dúdlikens komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)