Museum bliid mei boatsje

05 maaie 2009 - 20:21
  • De troch Peter Tazelaar en Lykele Faber brûkte stjoerder

It fersetsmuseum yn Ljouwert is bliid mei de fynst fan it boatsje fan fersetsheld en Ingelânfarder Peter Tazelaar yn Fryslân. It haad fan it museum, Hans Groeneweg, wol de boat as it heal kin in funksje jaan yn syn museum of op in oar plak.

It giet om it boatsje dêr't Tazelaar yn maart 1945 yn trappearre waard troch de Dútsers op it Nannewiid. Tazelaar ûntkaam, mar it boatsje sonk. It leit noch hieltyd yn in ridlike tastân op de boaiem fan it Nannewiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)