Museum Belvédère wol subsydzje om fallisemint foar te kommen

10 des 2015 - 23:00
  • Museum Belvédère

Museum Belvédère yn Oranjewâld moat de kommende jierren subsydzje ha, oars rêdt it museum it net op. Dy oprop die de bestjoersfoarsitter fan Belvédère, Evert-Jan Rotshuizen. Yn de riedsgearkomste fan de gemeente It Hearrenfean joech er oan dat it museum op dit stuit 100.000 euro per jier ynteart op it eigen fermogen. Dit betsjut dat it museum oer twa jier fallyt is.

De reden foar de finansjele tsjinslach is neffens Rotshuizen de finansjele krisis en it fallyt gean fan ferskate sponsors fan it museum.

Hy ropt sawol de gemeente as de provinsje op om it museum te stypjen mei sa'n 150.000 euro.

De ried fan It Hearrenfean sil de needoprop fan it museum takom wike beprate yn de fergadering. Dêrneist hat it bestjoer yn jannewaris in petear mei deputearre Sietske Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)