Muse:ôffalrace foar keunstners

25 sep 2012 - 13:01
  • It nije Frysk Museum yn Ljouwert

Omrop Fryslân en it Fries Museum sille op syk nei de bêste amateurkeunstner fan Fryslân. Yn in alve-dielige tv-rige mei as titel Muse sille de útselektearre kandidaten it tsjin inoar opnimme yn in ôffal-race. De winner krijt úteinlik in eksposysje yn it nije Fries Museum.

It oanbod fan keunst troch profesjonele keunstners yn Fryslân is grut. De provinsje is fan âlds populêr troch it ferneamde noardlike ljocht en de relatyf goedkeape wenromte. Mar it Fries Museum wol op de nije lokaasje iepen stean foar it brede publyk en amateurkeunstners.

Omrop Fryslân sil de syktocht nei de bêste amatuerkeunstner útstjoere yn it nije tv-programma MUSE. Foar de rige is in budzjet fan 450.000 euro beskikber. In bedrach dat spesifyk foar dit projekt beskikber steld is troch de BankGiro Loterij en net foar oare museumprojekten brukt wurde mei. De Omrop neamt it inisjatyf fan it Frysk Museum in útdaging. In soartgelikense searje foar de lanlike tv ûnder de namme 'Op zoek naar Rembrandt' sloech net oan bij de sjoggers.
Kandidaten kinne har fan 1 oktober ôf foar it programma oanmelde. Dy gadingmakkers hoege net perfoarst út Fryslân te kommen, mar moatte wol amateur wêze. Mei in oplieding oan in keunstakademy wurde je net selektearre. In faksjuery mei Saskia Bak, Remon de Jong en Steven Sterk bepaalt hokker kadidaten úteinlik trochgean nei de finale. Presintatrise Miranda Werkman fan Omrop Fryslân sil de kandidaten yn har ûnderlinge keunststriid begeliede. De nije tv-rige Muse, op syk nei amateurkeunstners yn Fryslân, is yn de maitiid fan 2013 by Omrop Fryslân te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)