Musea oerlibje besunigings

26 aug 2014 - 14:15
  • Museum Drachten

De Fryske musea lykje foar in grut part de oankundige besunigings te oerlibjen. Dat seit de Museum Federaasje Fryslân. Kommend jier wurdt in grut part fan de gemeentlike besunigings útfierd. De oanpassings dy't rûnom dien binne, lykje reade sifers foar te kommen. Museum Drachten is ien fan de Fryske musea dy't goed ynspile hat op de oankundige besunigings. Mei eksposysjes foar in spesifike doelgroep, grutte kommunikaasjekampanjes en lytse oanpassings lykas in museumshop giet it tige goed mei it museum.

Yn Fryslân binne oant no ta noch gjin musea oer de kop gien. Op oare plakken yn it lân is dat wol al it gefal. Dochs is it net folslein út te sluten dat ek hjir musea ticht geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)