Musea ien dei yn 'e wike fergees

04 okt 2001 - 00:00

De Fryske museumkonsulint De Haan set fraachtekens by de plannen fan steatssekretaris Van der Ploeg fan kultuer. Dy wol de musea ien dei yn 'e wike fergees meitsje. De Twadde Keamer stipet him yn 'e útwurking fan it idee.

Direkteur Van 't Veen fan it Frysk museum yn Ljouwert is wol foarstanner fan in fergese museumdei. Hy is sels al yn petear mei in sponsor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)