Musea bondelje krêften mei eigen webside

03 feb 2016 - 21:09
  • Fries Museum yn Ljouwert

Museumfederaasje Fryslân komt mei ien webside dêr't goed 70 musea út Fryslân op te finen binne. Dêrmei moatte de Fryske musea better sichtber wêze foar toeristen. Njonken ynformaasje oer de musea sels, komme der ek spesjale aktiviteiten en arranzjeminten op de side te stean.

Ek musea dy't gjin lid binne fan de Museumfederaasje kinne meidwaan oan de webside, tsjin betelling. De offisjele lansearring fan de webside is kommende moandei yn it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)