Muse: twahûndert oanmeldings

12 nov 2012 - 11:35

Hast twahûndert keunstners hawwe harren opjûn foar it nije programma Muse op Omrop Fryslân Televyzje. Dêryn siket it Fries Museum de bêste amateurkeunstner fan Fryslân. Dy kin in eksposysje yn it nije museum winne. In soad skilders hawwe haren oanmeld, mar der sitte ek fotografen en byldhouwers by.

Sjueryleden Saskia Bak, Steven Sterk en Remon de Jong meitsje in earste seleksje. De dielnimmers dy't fierder gean, wurde folge yn it programma. Muse wurdt maitiid 2013 útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)