Murns betinkt slachtoffers fan delstoarten fleantúch

05 nov 2015 - 22:51
  • Sa seach in Liberator derút

Twaensantich jier nei it delstoarten fan in Amerikaanske bommewerper yn Murns komt der in betinkingspaniel foar de slachtoffers. It fleantúch wie fanút Ingelân ûnderweis nei Osnabrück, om dêr de spoarwegen te bombardearjen. Nei in oanfal troch Dútske jagers woe de piloat in needlâning meitsje, mar it fleantúch rekke mei hege snelheid de beammen en de swiere houten klokkestoel op it begraafplak fan Murns. Seis fan de tsien bemanningsleden dy't oan board wiene, kamen om it libben.

It lichem fan it sânde slachtoffer waard in pear dagen letter út 'e Iselmar helle. Trije oare bemanningsleden koene op tiid út it fleantúch springe, en ha it libben rêden.

It betinkingspaniel komt der op inisjatyf fan de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation. Dy stichting docht no al acht jier ûndersyk nei dit ferûngelokjen en hat ek kontakt lein mei de neibesteanden fan de bemanningsleden. Dy sille ek oanwêzich wêze as it betinkingspaniel ûntbleate wurdt. Dat is op 11 novimber, dan is it Veterans Day yn Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)