Murd ferjage út skriuwersarkje op 'e Feanhoop

29 jun 2015 - 12:15

It Fryske Gea hat mei roasters in stienmurd ferjage dy't in nêst makke hie ûnder it skriuwersarkje fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Troch de stank fan de murd wie der net langer yn de arke te wêzen. Skriuwers kinne om beurten yn alle rêst yn it arkje wurkje.

Om't de murd in beskerme bistesoart is, mei it bist net samar ferjage wurde. It Fryske Gea hat earst mei kamera's sjoen oft de murd ek jongen hie. Doe't bliken die dat dat net it gefal wie, binne de roasters pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)