Muorreskildering Maria Louise lûkt soad omtinken

13 jun 2015 - 17:23
  • It skilderij fan Maria Louise by de yngong fan de Grutte Tsjerkestrjitte

Kening Willem-Alexander ûntbleatet pas nije wike sneon de muorreskildering fan syn oer-oer-oer-beppe, mar no al falt it libbensgrutte skilderij op. It krijt in soad oandacht fan it publyk yn de Ljouwerter binnenstêd. En it is noch net iens klear. De skilder is drok dwaande om de hiele stambeam der op te setten.

It is dit jier 250 jier lyn dat Maria Louise kaam te ferstjerren, de oanlieding foar it Maria Louisejier.

Maria Louise - yn Fryslân ek wol Marijke Meu - wie de frou fan de Fryske stedhâlder Friso. Sy spile nasjonaal en ynternasjonaal en wie boppedat de rêder fan de Oranjedynasty, omdat de Hollânske Oranjetûke útstoar. Willem-Alexander, alle oare oranjes mar ek ferskate oare Europeeske keningen binne neikommelingen fan Marijke Meu. It skilderij wurdt oanbrocht flakby it Prinsessehôf, it eartiidse hûs fan Maria Louise.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)