Muorrekeatser jout demonstraasje

04 jan 2007 - 17:47

De Amerikaanske muorrekeatser William Polanco joech tongersdei in demonstraasje yn Frjentsjer. De Amerikaan reizget de hiele wrâld ôf om it One Wall Hand Ball te promoatsjen. Hy is foar it earst yn Fryslân en liet liet syn keunsten sjen yn De Trije.

It keatstbûn docht no sûnt in jier oan muorrekeatsen. It wurdt benammen dien om te trainen. Dit jier wurde der mear aktiviteiten organisearre om it muorrekeatsen te stimulearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)