Muorre tsjin geweld komt der

04 okt 2010 - 11:52
  • Sa komt de muorre tsjin geweld der út te sjen

Neibesteanden fan de yn 2008 fermoarde Ida Klijnstra fan De Blesse hawwe hast 10.000 euro jûn oan de stichting Muur tegen geweld. Dizze stifting wol in grutte muorre bouwe as betinkingsplak foar slachtoffers fan geweld.

Troch de jefte fan de neibesteanden fan Ida Klijnstra kin de bou mooglik dit jier begjinne. De muorre moat yn De Wijk yn Drinte komme. De jefte is mooglik troch it jild dat yn de stichting Wolvegaster Classic Races siet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)