Muorre Blokhúspoarte stoart yn

28 jan 2013 - 07:20
  • In stik fan de bûtenmuorre is yn de nacht fan snein op moandei ynstoart

Der is moandeitemoarn betiid in part fan de bûtenmuorre fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert ynstoarten. It soe gean om in stik fan twa meter heech oer in lingte fan sa'n 20 meter oan de foarkant fan de âlde finzenis. De gemeente Ljouwert hat konstatearre dat ek yn de muorre oan de kant fan de Dimpte Keizersgrêft in skuor sit. Dêrom is de Dimpte Keizersgrêft op it stuit ôfsletten foar it ferkear.

De oarsaak is wierskynlik it winterwaar fan de lêste wiken. It focht yn de muorren befriest en set dêrtroch út.

Yn de rin fan de dei moat dúdlik wurde wat der krekt oan de hân is en hokker maatregels nommen wurde moatte. Oant dy tiid mei der yn de Blokhúspoarte net wurke wurde. Yn de Blokhúspoarte sitte mear as hûndert bedriuwen en bedriuwkes yn de kulturele sektor, dêr't mei-inoar sa'n 150 minsken wurkje. Ek it kantoar fan de Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018 sit yn de Blokhúspoarte. Fierder is de eardere finzenis ek in leslokaasje foar Friese Poort en Friesland College.

Nei boukundige ynspeksje mochten de meiwurkers fan de bedriuwen yn de Blokhúspoarte it gebou wer yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)