Munysje op terrein Oldenburger

16 des 2003 - 00:00

Op it terrein fan de eardere ôffalferwurker Oldenburger yn Ljouwert binne tiisdei 100 straaljagerpatroanen fûn. Dy kamen nei boppe by de sanearingswurksumheden dy't Fryslân Miljeu op it terrein útfiert. Nei alle gedachten giet it om munysje fan sjitbaan de Flyhors op Flylân om't der earder konteners mei sa'n lading stien hawwe.

Nei de fynst is it terrein ôfset en binne de wurksumheden stillein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)