Munniksma yn need troch sluting

12 apr 2006 - 10:08

Undernimmer Rein Munniksma giet oer de kop as syn doe-het-zelf-winkel net iepen mei. Dat sei hy tiisdei by it koart pleit dat hy oanspant hie tsjin de gemeente Nijefurd.

De gemeente liet de winkel twa wike lyn slute doe't Munniksma syn nije saak feestlik iepenje soe. By syn metaalbedriuw oan de Slaperdyk yn Koudum woe hy in winkel iepenje, mar hy hat de fergunningen net yn oarder. Freed docht de rjochter útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)