Mûneplan A7 op lange baan

21 nov 2006 - 22:02

Der komme foarearst gjin 60 meter hege wynmûnen lâns de A7. Opsterlân wol pas takom jier in beslút nimme. Trije boeren wolle de mûnen lâns de sneldyk by de ôfslach Tynje/de Gordyk pleatse.

Takom jier wurdt foar de hiele gemeente in plan makke wêr yn de gemeente wynmûnen komme kinne. Dan moat de bou fan dizze fiif mûnen ek op 'e nij besjoen wurde. Opsterlân hat al earder oer it plan te set west. Doe waard it ôfsketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)