Mûnen moatte opknapt wurde

10 feb 2004 - 00:00

Tsientallen mûnen yn Fryslân moatte opknapt wurde. Der is faak gjin jild foar. Dat seit Jaap Tiedema, ekspert fan Monumintewacht Fryslân. Yn Fryslân steane mei elkoar 120 mûnen.

In lytse hûndert dêrfan binne fan Stifting de Fryske Mole en fan de gemeenten. De rest is fan partikulieren en lytse stichtingen. Fral by de Fryske Mole is de need grut. Fan de 40 mûnen dy't dizze stichting beheert binne fjirtjin oan in opknapbeurt ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)