Mûne yn Nijetrine nominearre

22 jul 2013 - 18:28

Wynmûne Groote Veenpolder yn Nijetrine is nominearre foar de Molepriis fan de feriening De Hollandsche Molen. De priis is 90.000 euro dy't brûkt wurde kin foar de restauraasje fan de mûne. De Groote Veenpolder is mei noch seis oare mûnen nominearre út mei-elkoar 22 ynstjoerings. De eigener fan de mûne, de famylje Van der Mark, hopet op in soad stimmen, sadat sy it jild winne sille en de mûne yn âlde gloarje herstellen kinne.

Mei-elkoar is der tusen de twa en trije ton euro noadich. Der kin fan septimber ôf stimd wurde fia www.molenprijs.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)