Mûne yn Jeruzalem opknapt

2012-08-03T15:16:07+0200
Klik op de ôfbylding foar mear foto's
  -  Foto: Omrop Fryslân
  -  Foto: Omrop Fryslân
  -  Foto: Omrop Fryslân
  -  Foto: Omrop Fryslân
3 augustus, 2012 - 15:16 -  

Yn Jeruzalem is mei Fryske ynbring de wrâldferneamde Montefioremûne restaurearre. Mûnebouwer Willem Dijkstra fan Sleat en timmerman Harm Boersma fan Wânswert setten by temperatueren oant 40 graden in folslein nije kap mei wjukken op it stiennen ramt út 1857. Se hawwe der twa jier oan wurke.

De Ingelske woldwaner Montefiore liet de mûne 155 jier ferlyn bouwe krekt bûten de stedsmuorren. De nôtmûne wie ûnderdiel fan in wenwykje foar earmen. Mar der wie te min wyn foar it mealwurk en al rekke de mûne yn ferfal.

Oannimmer Arjen Lont fan St. Anne sette mei de Stichting Christenen voor Israël de skouders ûnder de rehabilitaasje fan it wrâldferneamde monumint. It útgongspunt wie it stiennen ramt mei 60 sintimeter dikke muorren. It ynterieur, it mealwurk, de kap en de wjukken moasten mei help fan Ingelske mûnebouwer hielendal opnij tekene en makke wurde. Kameraman/programmamakker Evert van den Berg fan Omrop Fryslân wie yn Israël by de restauraasje fan de mûne.

Spiler wurdt laden
Mûne yn Jeruzalem opknapt

Mear nijs

top