Mûne Wolvegea yn de stegers

05 maaie 2010 - 21:11

Mûne Windlust yn Wolvegea stiet op it stuit yn de stegers. De âlde mûne wurdt foar in pear ton restaurearre. Dizze winter is de binnenkant opknapt en no wurdt de bûtenkant oanpakt. Der binne ûnder oare nije lûken en treppen yn de mûne kaam. Fierder wurde rotte planken fan de omgong ferfongen en krijt de mûne nije foegen en skilderwurk.

Sneon giet de mûne in skoftke iepen foar elkenien dy't ris sjen wol hoe't it mei de restauraasje giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)