Mûne It Amelân wekt stroom op

15 okt 2014 - 11:26
  • Mûne De Verwachting op It Amelân

Mûne "De Verwachting" op It Amelân is mei help fan technyk-studinten fan de NHL geskikt makke om stroom op te wekken. De mûne yn Hollum is in nôtmûne en is yn 2002 útwreide mei in mostermeallerij. De mûne sil de enerzjy leverje oan it net, mar ek fytsers kinne aanst yn de mûne harren akku's oplade.

It projekt koe útfierd wurde mei finansjele help fan de provinsje en it Waadfûns en wurdt sneon offisjeel yn gebrûk nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)