Mûne Eastermar ferhuzet

22 nov 2007 - 10:38

In 160 jier âlde tsjernmûne út in âlde buorkerij by Eastermar ferhuzet nei it Frysk Lânboumuseum. De âlde mûne waard eartiids brûkt troch boeren om sels bûter te meitsjen, dy't se dan wer ferkochten.

It eksimplaar is bysûnder om't der net safolle mear fan binne. Dêrneist is de mûne goed ûnderhâlden. Freed wurdt begûn mei it út-inoar heljen fan 'e ûnderdielen fan de mûne. Dêrnei wurdt de mûne wer opboud yn it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)