Mûne Boerum hat wer in kap

27 mrt 2014 - 13:32
  • In grutte kraan set de kap op syn plak

Mûne Windlust yn Boerum hat tongersdei syn kap werom krigen. Mei in grutte kraan is dy te plak takele. Oer in moanne sille de wjukken pleatst wurde en foar de simmer moat de mûne dan wer draaie.

Twa jier lyn baarnde de mûne hast folslein ôf. De Boerumers ha har fuortendaliks bot ynspand om de mûne wer op te bouwen. Der melden har ek fjouwer nije mûnders út it doarp. Dy krije no in oplieding.

De eigner fan de mûne, Stichting Erfgoed Kollumerland besiket yntusken de monumintestatus foar de mûne te behâlden. Oft dat slagget is noch ûnwis, want de minister is net echt posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)