Mûne Boerum gjin ryksmonumint

11 jul 2014 - 13:37
  • Mûne Windlust yn Boerum

Mûne Windlust yn Boerum wurdt fan de monumintelist ôfhelle. Dat hat de Rijksdienst van Cultureel Erfgoed freed bekendmakke. Minister Bussemaker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen hat hjir ta besletten.

It kolleezje fan de gemeente Kollumerlân is swier teloarsteld oer it beslút en sil in ôfwaging meitsje om tsjin it beslút yn te gean. De Ried fan Kultuer hie in advys útbrocht wêryn't it ta de konklúzje kaam dat de mûne de status fan ryksmonumint behâlde moat.

Boargemaster Bearn Bilker hat ek twa kear in persoanlik gesprek oanfrege mei de minister oer it behâld fan de monumintestatus foar de mûne yn Boerum. De mûne yn Boerum is yn 2012 hielendal ôfbaarnd en wurdt no op 'e nij opboud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)