Mûnders binne tenei 'erfguod'

07 maaie 2013 - 12:04

It ambacht fan mûnder komt op de nasjonale list fan ymmaterieel kultureel erfguod. Dat makket it Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed VIE tiisdei offisjeel bekend. Dat bart by de ôftraap fan de Nationale Molendag 2013. Oardel ieu lyn stiene der yn Fryslân noch 2400 mûnes, no binne dat der in sa'n hûndert.

En dêr heart dan noch net iens altyd in kwalifisearre mûnder by. Mear omtinken foar en wurdearring fan it bysûndere fak fan mûnder is sadwaande op syn plak, fynt VIE-direkteur Ingrid Strouken.

Neist it ambacht fan mûnder komt ek de Hylper kultuer op de nasjonale list fan ymmaterieel kultureel erguod, it giet dan ûnder oare oer de taal en it skilderwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)