Multymediaal barren foar bern

02 sep 2007 - 13:56
  • Waarman Piet Paulusma stelt fragen oan de bern

Hûnderten skoalbern út hiel Fryslân komme moandei nei de notaristún yn Jorwert foar de iepening fan it skoalradio/skoaltelevyzje-seizoen. Dit jier wurdt it in ekstra grut multymediaal barren yn ferbân mei de fiering fan 100 jier Frysk op skoalle.

Der binne optredens fan in band, bern moatte fragen beantwurdzje fan Piet Paulusma en de spilers fan it Studio F-team fersoargje in bysûnder optreden yn it iepenloftteater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)