Multyfunksjoneel sintrum Harkema

21 jun 2002 - 00:00

It multyfunksjoneel sintrum dat De Harkema krijt, stiet der yn 2004. Dat hat wethâlder Postma fan Achtkarspelen tongersdeitejûn yn in riedsgearkomste sein. De plannen foar it sintrum besteane al jierren.

Op it stuit besprekt de gemeente de winsken fan de ynstellingen dy't yn it sintrum in plakje krije. De gemeenteried sil yn desimber in beslút nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)