Multyfunksjoneel gebou De Knipe

06 nov 2004 - 09:27

Fiif jier lang moasten de ynwenners fan de Knipe der op wachtsje. Freed is lang om let it multyfunksjonele sintrum iepene. It gebou De Barte is yn it plak kommen fan de âlde skoalgebouwen. De bou hat trije miljoen euro koste.

It gebou ferbynt skoallen mei berneopfang, gymseal en doarpshús. De 200 learlingen fan de kristlike en iepenbiere basisskoalle sitte no ûnder ien dak. Doarpsbelang is bliid mei it gebou. Sneon is der in iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)