Multy-kulty sintrum Ljouwert

18 des 2009 - 11:13

Der komt in nij multy-kultureel sintrum oan it Fliet yn Ljouwert. De gemeente hat tegearre mei de allochtoane groepen de lokaasje útsocht. Buertbewenners en ek it wykpanel binne posityf oer de plannen.

It nije sintrum wurdt it sintrale punt foar yntegraasjeprojekten yn de gemeente, mar sil ek brûkt wurde foar alle oare aktiviteiten yn de wyk. De bou fan it sintrum kostet 1 miljoen euro en moat mids 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)