Multy-akkomodaasje yn Drachten

31 okt 2012 - 16:05
  • De Bouwen yn Drachten
  • De Bouwen yn Drachten

Oan de Klaverweide yn Drachten is woansdei de multyfunksjonele akkommodaasje De Bouwen offisjeel iepene. De measte romte yn de nijbou wurdt brûkt troch de kristlike basisskoalle De Spreng. Der is ek in moetingssintrum foar wykbewenners en in gymnastykseal. Om it gebou hinne hat de gemeente in tal sportfoarsjennings delset.

De bou is ûnderdiel fan in wykferbetteringsplan dat as doel hat de wyk op te knappen en de leefberheid te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)