Mulisch:bân mei hynders Marrum

06 nov 2010 - 13:23

By de betinking fan Harry Mulisch is sneon de film fertoand fan de rêdingsaksje fan de hynders by Marrum. Yn de skouboarch yn Amsterdam wiene in soad famylje en bekenden fan Mulisch.

De skriuwer dy't foarige wike ferstoar, hie in soad mei bisten. Hy hie in foto fan de rêdingsaksje út 2006 boppe syn bêd te hingjen. Foar him wie it in teken fan hoop. Benammen de kwetsberheid fan bisten spruts Mulisch oan. Sneontemiddei waard er te hôf brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)