Mulders werom yn 'e spits

25 nov 2005 - 17:24

Cambuur-oanfaller Paul Mulders is hersteld fan syn blessuere. Hy begjint freedtejûn yn de basis tsjin FC Den Bosch. Ek René van der Weij, dy't ferline wike de winnende goal tsjin Eindhoven makke, start fanôf it begjin. Dat betsjut dat Thijs Houwing en Bovar Karim op de bank begjinne.

De opstelling fan Cambuur: Van der Vlag, Nijssen, Brack, De Wagt, Piqué, Hofman, Hooijboer, Herder, Van Rijswijk, Mulders, Van der Weij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)