Mulders op proef by Cambuur

06 jan 2014 - 20:19
  • Paul Mulders (rjochts) yn aksje foar it Filipynske nasjonale alvetal

Cambuur hat de kommende dagen middenfjilder Paul Mulders op proef by it trainingskamp yn Portugal. De 32-jierrige Mulders spile tusken 2005 en 2007 ek al foar de Ljouwerter earedivyzjeklup. In healjier tebek ferruile de middenfjilder ADO Den Haach foar Chiangrai United yn Tailân. Dêrfoar spile er foar Haarlem, FC Omniworld en AGOVV.

Mulders hat in Nederlânske heit en in Filipynske mem. Dêrtroch makke er yn 2011 syn debút yn it Filipynske nasjonale alvetal. Letter spile er ek noch in pear ynterlâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)