Mulder yn teaterbestjoer Snits

23 des 2008 - 16:30

Artistyk direkteur Joop Mulder fan it Oerol-festival op Skylge nimt plak yn de ried fan tafersjoch fan it nije teater yn Snits. It nije teater wol sa gebrûk meitsje fan it netwurk fan Mulder yn 'e kulturele wrâld.

Mulder sil ek advys jaan oer de programmearring fan it teater. Yn Snits moat yn 2009 foar it earst in folslein programma op poaten set wurde. Om it teater slachfeardiger te meitsjen komt de organisaasje ek los te stean fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)