Mulder yn 2009 by LC wei

29 okt 2008 - 16:47
  • Rimmer Mulder

Rimmer_Mulder hat syn ôfskied oankundige. De haadredakteur fan de Ljouwerter Krante hâldt mei yngong fan 1 septimber 2009 op. De 60-jierrige Mulder is al sûnt 1987 haadredakteur by de krante en is dêrmei de langst sittende haadredakteur fan Nederlân.

Mulder is yn Drachten berne. Hy wurke earder by it Frysk Deiblêd en Trouw. Foar syn LC-perioade wurke er by de GPD, de Gemeenschappelijke Pers Diensten, yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)