Mulder wiist krityk Breuker ôf

29 okt 2003 - 00:00

Deputearre Mulder fynt de krityk fan âld-amtner Jelle Breuker op it Frysk taalbelied 'te algemien en te maklik'. Minsken dy't har beropsmjittich mei it Frysk dwaande hâlde moatte ferplichte it Frysk brûke, fynt Breuker.

Neffens de deputearre is it 'mistich' wat Breuker no krekt bedoelt. It idee dat in Fryske elite in foarbyldfunksje hat, is neffens him in âld idee. Wol is it er mei Breuker iens dat it Frysk yn it ûnderwiis fersterke wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)