Mulder ûntslein troch De Jouwer

25 mrt 2005 - 12:44

Fuotbalklub De Jouwer hat trainer Jan Mulder op steande foet ûntslein. Woansdei hat de trainer út Drachten te hearren krigen dat it bestjoer net mei him fierder wol. Neffens it bestjoer hat in tal spilers fan de earste seleksje oanjûn gjin betrouwen mear te hawwen yn de trainer.

Mulder hie noch in kontrakt oant july 2006. De twadde trainer fan De Jouwer, Bert Hollander, makket it seizoen ôf by de haadklasser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)