Mulder trainer fan Appingedam

08 mrt 2006 - 10:01

Jan Mulder fan Drachten wurdt takom seizoen de nije trainer fan Appingedam. Hy ferfangt Rinie Jurna dy't ferline wike dien krige by de haadklasser. Appingedam stiet yn de sneinshaadklasse C ien-nei-lêste mei tolve punten út sechstsjin wedstriden.

Mulder wie yn it seizoen 2004/2005 trainer fan De Jouwer. Dêr waard hy healwei it seizoen fuort stjoerd. Earder wurke hy by Wolvegea, ONB, Hearrenfeanse Boys en ONT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)