Mulder: 'gasboarjen bart net'

09 sep 2004 - 10:18

De útspraak fan it Europeeske Hôf oer de kokkelfiskerij makket dúdlik dat der gjin juridyske grûn is foar takomstige gasboarrings yn de Waadsee. Dat seit deputearre Bertus Mulder. Hy tinkt net dat dy gasboarrings der komme.

Fan it Hôf meie kokkelfiskers net langer automatysk in fergunning krije. Der moat oantoand wurde dat de fiskerij gjin skea oan it miljeu tabringt. Dat jildt ek foar de gasboarrings, tinkt Mulder. Hy is tsjin it boarjen nei gas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)