Mulder: Fryslân promote yn NYC

08 maaie 2009 - 11:31

Artistyk lieder Joop Mulder wol der alles oan dwaan om Fryslân yn septimber dit jier op 'e kaart te setten yn New York. Mulder organisearret ta eare fan 400 jier New York in festival op Governors Island.

It bêste fan Oerol komt dêr op de planken te stean en der is ek in spesjale Fryske Dei mei ûnder oare Sytse Pruiksma en Nynke Laverman. Mulder wol sels op de dagen fan it festival strjitoptredens dwaan yn New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)