Mulder ferbjustere oer plysje

13 jan 2006 - 07:02

Deputearre Bertus Mulder is ferbjustere oer útspraken fan korpssjef Foeke Wagenaar fan 'e plysje. Wagenaar sei tongersdei op Omrop Fryslân radio dat er net fan plysjeminsken easket dat sy it Frysk ferstean kinne. Neffens Mulder stelt de plysje himsels op dy wize ûnder en boppe de wet.

De provinsje en it ryk ha ôfspraken makke oer it behearskjen fan it Frysk troch de oerheid. Dy ôfspraken jilde neffens Mulder ek foar de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)