MSN-foarljochting wint priis

10 nov 2005 - 11:17

Foarljochting oer MSN is it winnende foarstel wurden op de 'Wegwijsdag' fan de gemeente Achtkarspelen. Fyftich middelbereskoalbern koene op it gemeentehûs mei ideeën komme. De gemeente stelt 1250 euro beskikber foar it winnende idee. Foarljochting oer it populêre chatprogram op ynternet kaam as bêste út de bus. Mei de weiwiisdei wol de gemeente de jeugd mear by de polityk belûke. De jeugd diskussiearre ek mei riedsleden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)