M.s. Esprit te wetter litten

03 feb 2001 - 17:01

It nije skip m.s. Esprit is freedtemiddei te wetter litten op 'e werf fan Tille Scheepsbouw yn Koatstertille. It 91 meter lange skip is boud foar rederij JR Shipping út Harns.

It 3300 weagende skip kin foar ferskate doelen brûkt wurde. M.s. Esprit is it rapste skip yn 'e 3000 ton klasse en sil ynsetten wurde foar transport fan swiere ladingen lykas ertsen en kontainers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)