MRSA yn Nij Smellinghe

01 nov 2010 - 12:02
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

De ôfdieling ynterne genêskunde yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat in hiele wike ticht west. Ferline wike moandei waard by in pasjint de MRSA-baktearje ûntdekt. Dizze besmetlike sikehûs-baktearje is gefaarlik foar minsken mei in swakke sûnens.

De pasjint leit net mear yn it sikehûs, mar alle pasjinten op dy ôfdieling en it personiel binne testen op de baktearje. De ôfdieling ynterne genêskunde giet moandeitemiddei wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)