MRSA-baktearje yn MCL

09 des 2004 - 10:03

Yn MCL yn Ljouwert is de MRSA-baktearje fûn. De besmetting is moandei ûntdutsen by in pasjint op de ôfdieling sjirurgy. Dy ôfdieling is no tydlik ticht. Oare pasjinten en behanneljend personiel wurde ûndersocht. Freed wurdt bekend oft de baktearje him fierder ferspraat hat.

Fan it simmer stuts de MRSA-baktearje ek de kop op op de kûveuze-ôfdieling fan it sikehûs yn Snits. De baktearje is dreech te bestriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)