MRSA-baktearje yn ferpleechhûs

03 mrt 2004 - 00:00

Yn ferpleechsintrum Lindestede yn Wolvegea is by ien fan de bewenners de MRSA-baktearje ûntdutsen. Dat is in baktearje dy't net reagearret op de gongbere antybiotika. Gewoanwei leveret besmetting gjin klachten op. Allinnich minsken mei in sterk fermindere wjerstân kinne der lêst fan krije.

De bewenner mei de besmetting, in frou, wurdt op it stuit isolearre ferpleegd yn Lindestede. Manager Booy fan it Lindestede ferwachtet gjin útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)