MR's folgje fúzje kritysk

03 jul 2014 - 22:55
  • NHL yn Ljouwert

De meisizzenskipsried fan sawol de NHL as Stenden sil de fúzje kritysk folgje. Se fine dat der goed rekken hâlde wurde moat mei de ferskate skoalkultueren. Hans den Dulk is fan de meisizzenskipsried fan Stenden en freget him ôf hoe't de beide skoallen goed fusearje kinne ta ien skoalkultuer. Hy wol ek dat de goede dingen fan de beide skoallen behâlden bliuwe en net ferlern gean troch de fúzje.

Tongersdei hawwe beide Ljouwerter hegeskoallen bekend makke dat se fusearje wolle. De fúzje moat op 1 septimber 2016 in feit wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)