'MQ-9 Reaper is de takomst'

06 jun 2014 - 06:52
  • De MQ-9 Reaper

De MQ-9 Reapers bin de takomst fan de luchmacht. Dat seit Vincent Lengkeek. Hy is projektlieder fan MQ-9 Reaper. Dat is in ûnbemand fleantúch, dat fan de grûn ôf bestjoerd wurde kin. Se kinne sa'n 20 oeren boppe in gebiet fleane en alles mei radarapparatuer yn 'e gaten hâlde.

Dizze ûnbemande fleantúchjes wurde fan 2017-2018 ôf stasjonearre op de fleanbasis Ljouwert. It is de bedoeling dat der fan begjin takom jier ôf piloaten yn training gean. Dat dogge se op de fleanbasis Holloman, yn de woestyn fan Nij Meksiko.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)