'Mozes en 70 wijzen' hast klear

10 jun 2004 - 00:00

De restauraasje fan it Ljouwerter gemeentehûs is hast dien. Timmerlju, skilders, plamuerders en stoffearders lizze de lêste hân oan it plak dêr't boargemaster en wethâlders aanst har plak krije.

Ek binne der twa restaurateurs oan it wurk. Yn ien fan de keamers hinget nammentlik it skilderij 'Mozes en de 70 wijzen', in grut en âld doek dat der min oan ta wie. De Limburchske restaurateurs binne hast klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)